Kontrôle fjildferbod

Fuotbalbûn KNVB hat in brief stjoerd oan alle fuotbalklubs, dêr't yn stiet dat publyk tenei bûten it fjild bliuwe moat. Der binne alle wykeinen tritich anonime kontroleurs op paad om te sjen oft klubs har wol oan it ferbod hâlde.
Klubs dy't yn oertreding binne wurde ien kear warskôge, dêrnei folget in boete en wurde der punten yn mindering brocht. Neffens in guon klubs is de maatregel oerdreaun. It ferbod jildt allinnich foar westriden fan it earste team fan in klub.