Keatsrekord is net ferbrutsen

14 mrt 2009 - 12:59

It rekord 'baltsje driuwe' troch keatsers is dit wykein net ferbrutsen. De keatsers Simon Minnesma en Johannes Brandsma besochten sneontemoarn yn Warkum yn trije kertier mear as 1553 kear oer te spyljen.

Spitigernôch gie it twa kear mis en dêrnei joegen de manlju it op. De rekordpoging wie organisearre om ekstra omtinken te krijen foar in sponsoraksje fan keatsferiening 'Yn ien twa' fan Gaast/Ferwâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)