Fakkanjer komt út Seisbierrum

© Omrop Fryslân
Jan Willem Glastra van Loon út Seisbierrum is de nije Nederlânsk kampioen metalektro. De learling fan skoallemienskip Anna Maria van Schurman út Frjentsjer pakte de saneamde 'Junior Vakkanjer' titel freed yn de lanlike finale yn Breda.
De junior fakkanjerwedstriden binne technykwedstriden foar learlingen út de klassen trije en fjouwer fan it vmbo. Dit jier diene der rom 600 learlingen út it hiele lân mei.