Marfal yn Frysk wetter?

14 mrt 2009 - 10:57

Yn natoergebied It Easterskar ûnder Sint Jânsgea swimt mooglik in fisk rûn dy 't wol grutter as twa meter wurde kin en dy 't net benaud is oare grutte fisken of sels fûgels op te fretten. It giet om in marfal. By behearder it Fryske Gea is in melding binnen kaam fan in amateurfilmer.

In soad natoergebieden fan it Fryske Gea binne de ôfrûne tiid ûndersocht op seldsume fisken troch in nije en wakker aktive wurkgroep fan de Fryske Fjildbiologen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)