SC Cambuur lykspul by Telstar

Sportklup Cambuur hat freedtejûn de útwedstriid tsjin Telstar mei 1-1 lykspile. De thúsploech kaam yn de 20ste minút troch Raymond Fafiani op foarsprong. Oanfierder Rudy Jansen soarge in kertier letter foar de lykmakker. Mei wat mear gelok hiene de Ljouwerters de winst binnenhelje kinnen. Nassir Maachi rekke de latte en Jeffrey de Visscher hie yn de ekstra tiid noch in bêste kâns.
Koprinner VVV-Venlo wûn mei 2-0 fan Helmond Sport, RKC-Eindhoven waard 1-1.