Nije opfang dakleazen iepene

© Omrop Fryslân
De dak- en thúsleazen binne tige te sprekken oer de nije 'Algemene Opvang' dy't freed offisjeel iepene is. It âlde bankgebou oan de Nieuweweg yn Ljouwert is bedoeld foar dak- en thúsleazen dy't fan doel binne om in nije start te meitsjen.
Se wenje maksimaal in jier yn de Opvang en kinne dan yn oanmerking komme foar in hierwente fan in wenningboukorporaasje. It ferskil mei de âlde opfang is, dat de bewenner hielendal foar himsels soargje moat.