It alkoholslot komt der

13 mrt 2009 - 16:40

It alkoholslot foar automobilisten wurdt ynfierd. It kabinet hat freed in foarstel fan ferkearsminister Camiel Eurlings goedkard. Yn Fryslân is ferline jier proefdraaid mei it alkoholslot. Bestjoerders moatte dan in blaastest dwaan foardat se de auto starte kinne. Ut de proef die bliken dat der technysk gjin problemen binne om it apparaat yn te fieren. Ek it gebrûk is feilich.

'Alkomobilisten' sitte tenei twa jier fêst oan it alkoholslot.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)