Dyk ûndergrûns: Harns bliid

13 mrt 2009 - 11:43

Harnzers ha yn 2016 gjin lest mear fan ferkear dat tusken Ljouwert en de Ofslútdyk rydt. Rykswettersteat, provinsje en gemeente makken freed bekend dat der in nije ferdûbele dyk komt. Dit part fan 'e N31 komt op it besteande trajekt, mar wol hast fiif meter ûnder it meanfjild.

Boargemaster Paul Scheffer is bliid dat de dyk dy't Harns lang yn twaen splitste no lang om let fuort giet. De kosten fan it projekt binne 140 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)