Plan foar rûnwei om Dokkum

© Omrop Fryslân
Der moat seker in westlike rûnwei komme om Dokkum hinne. Dat fynt de mearderhied fan de ried fan 'e gemeente Dongeradiel. De nije dyk moat de takomstige Sintrale As ferbine mei yndustryterrein Betterwird.
Neffens de partijen is de rûnwei fan grut belang foar de ûntwikkeling fan de stêd. It iennichste probleem is de finansiering. De ried wol dat de provinsje in part fan de kosten betellet.