51 ferskes op Liet 2009

51 dielnimmers oan Liet 2009
It Fryske sjongfestival Liet hat dit jier de helte mear dielnimmers as yn 2008. Op de fiif foarrondes yn Heech, Easterwâlde, Kollum, St. Jabik en Ljouwert wurde yn april mei-inoar 51 nije lieten yn it Frysk en it Stellingwerfs presintearre. Ferline jier wiene dat der noch 35.
De earste foarronde is op freed 10 april yn it Heechhûs yn Heech. Op de foarrondes kinne de 51 dielnimmers harren kwalifisearje foar de finale fan Liet op 23 maaie yn Ljouwert.