Sven Kramer achtste op 1500 m.

12 mrt 2009 - 21:25

Sven Kramer kaam op de earste dei fan de wrâldkampioenskippen ôfstannen op de Olympyske baan fan it Kanadeeske Richmond op de 1500 meter lang net yn de buert fan in medalje. Kramer waard achtste yn 1.47,79.

De Amerikaan Shani Davis, de wrâldkampioen sprint en hâlder fan it wrâldrekôr, pakte it goud yn 1.46,17. Trevor Marsicano waard twadde yn 1.46,30 en Denny Morrison tredde yn 1.47,05. Sven Kramer kin him no rjochtsje op de 5 en 10 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)