Earste ljipaai Littenseradiel

© Omrop Fryslân
It earste ljipaai fan Littenseradiel is woansdei fûn en tongersdei oanbean oan loko-boargemaster Felix van Beek. It aai is fûn troch Martin Overal fan Easterein yn in stikje boulân krekt bûten Easterein.
Overal hat nei it troch sms'en fan de fynst in heal oere wachte foardat hy der wis fan wie dat it aai goed registreard wie. Dêrnei hat hy it meinaam.