Fúzje Tellens en Skewiel

12 mrt 2009 - 20:15

Soarchgroep Tellens út Boalsert en Skewiel Trynwâlden fusearje yn april. Novimber ferline jier is hjiroer al in konvenant tekene. De fúzje is nedich troch grutte tekoarten by Skewiel. Tekoarten dy 't folle heger útpakke as earder tocht.

Yn novimber liende Tellens al 750.000 euro om de tekoarten op te fangen oant en mei maart dit jier. Mar der is dus mear jild nedich. De Rie fan Tafersjoch fan beide ynstellings ha woansdeitejûn ja sein tsjin de fúzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)