Feest Alde Maaie populêr

12 mrt 2009 - 17:24
  • ympresje fan Alde Maaie

Al mear as hûndert organisaasjes, bedriuwen en partikulieren wolle in bydrage leverje oan it fieren fan Alde Maaie yn de Trynwâlden. Dizze âlde Fryske feestdei komt op 16 maaie wer werom yn de doarpen fan dy streek.

Eartiids rûnen op âlde maaie, de 12ste fan de moanne, de wurkkontrakten fan de lânarbeiders yn Fryslân ôf. En dat betsjutte it begjin fan in nij agrarysk seizoen. Besikers kinne genietsje fan teater, muzyk, eksposysjes en rûnritten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)