Arie net wolkom yn tsjerke

Arie Boomsma net wolkom yn Betheltsjerke
EO-presintator Arie Boomsma is no snein net wolkom yn de Betheltsjerke yn Drachten. Dit omdat hy heal bleat posearret foar in fotoreportaazje yn it blêd Linda.
Boomsma soe snein tegearre mei syn heit, dy't predikant is, nei de Betheltsjerke yn Drachten komme foar in saneamde 'mannenspecial'. Mar fanwege alle kommoasje om de pikante fotoreportaazje fan Arie giet dat net troch.