Ferienings sykje sealromte

Pleatslike ferienings yn Aldeberkeap moatte op syk nei oare sealromte. Kafee-restaurant 't Wapen is sûnt in pear wiken ticht. De útbaters binne der mei ophâlden en de eigner hat it gebou te keap setten. No moatte de ferienings útwike nei oare plakken, somtiden ek bûten it doarp. De measten hawwe yntusken al in oar plak fûn.
Yn de sealen fan 't Wapen hâlde de pleatslike ferienings har fergaderings, repetysjes, toanielútfierings en oare aktiviteiten.