´Frysk hynsteras hurd efterút´

12 mrt 2009 - 13:12

It Frysk hynsteras giet hurd efterút. Dat seit feedokter Sybren_Boerma fan Garyp. Hy komt hieltyd mear hynders tsjin mei erflike gebrekken dy´t feroarsake wurde troch yntylt.

It Friesch Paarden-Stamboek fynt it ferhaal fan Boerma swier oerdreaun. Sy dogge der, neffens eigen sizzen, alles oan om de problemen dy´t troch yntylt ûntstean oan te pakken. Lykas it ûntwikkeljen fan DNA-testen. By dizze testen kinne gebrekken yn ´e genen opspoard wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)