Lanlike útstrieling WTC-Expo

12 mrt 2009 - 12:50

Der komme hieltyd mear besikers fan bûten Fryslân nei de beurzen fan it WTC-Expo yn Ljouwert. Foarhinne kamen de measte besikers út Fryslân, Grinslân en Drinte. Mar by de lêste beurzen wurdt it tal besikers út oare provinsjes en út it bûtenlân hieltyd grutter. By de Caravana wie dat hast de helte fan de besikers en by Boot Holland mear as 60 prosint.

Neffens de direksje fan WTC-Expo komt dat foar in part omdat Ljouwert fanút Noard-Hollân better berikber is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)