Soad belangstelling seppelin

12 mrt 2009 - 11:22
  • In soad belangstelling foar zeppelinfluchten

Foar de seppelinfluchten boppe de Waadsee binne al hûnderten belangstellenden. Dat seit de Stichting Zeppelin Waddenvluchten. It is de bedoeling dat op 22 augustus de earste seppelinflucht plakfynt. In kaartsje kostet sa'n 290 euro. De stichting is noch drok dwaande om de lêste fergunningen rûn te krijen mei de gemeente Harns.

It is noch net bekend wannear't belangstellenden boeke kinne. Der binne 1900 plakken beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)