Cd-presintaasje Three Ality

12 mrt 2009 - 01:20

Yn in folle boppeseal fan poptimpel Paradiso yn Amsterdam hat de Fryske groep Three_Ality woansdeitejûn har nije cd ´t Minne presintearre. Op it album stean âld-Hollânske teksten út de Midsieuwen dy´t op muzyk set binne. It giet om in projekt fan producer Onno_Krijn út Amsterdam.

Three_Ality bestiet út trije jonge froulju út Ljouwert. Takom jier wol de groep in teatertoer dwaan mei ´t Minne. De cd leit sûnt heal febrewaris yn de winkels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)