500.000 reizigers yn superbus

© Omrop Fryslân
De nije superbus fan Lelystêd nei It Hearrenfean lûkt alle jierren wol 500-tûzen reizgers en is dêrmei in goeie ynfestearring. Dat docht bliken út ûndersyk fan it buro 'Infratheker', yn opdracht fan de gemeente Noardeastpolder.
Dy gemeente wol graach sa'n superbus by de A6, dy't wol 250 kilometer yn de oere rydt. De kosten wurde rûsd op hast 1 miljard euro. Dat komt ûnder oaren omdat der wol 17 nije brêgen en fiadukten nedich binne.