Bussjauffeur bedrige mei mes

11 mrt 2009 - 21:21

De plysje hat woansdeitejûn de help ynroppen fan Burgernet fanwege de bedriging fan in bussjauffeur yn Ljouwert. De sjauffeur ried troch de Vrijheidswijk doe't twa jonges him op it Dragoonsplein bedrigen mei in mes. Se stiene foar it rút en easken jild. De bussjauffeur koe fuortride en warskôge ferfolgens de plysje.

Fia Burgernet binne 500 minsken belle om de dieders te finen. Dat is foarearst noch net slagge. De sjauffeur is mei de skrik frijkommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)