Kerst Hofman nei ONS Snits

11 mrt 2009 - 20:13

Kerst_Hofman spilet it kommende seizoen foar sneonshaadklasser ONS Snits. Hofman spilet no noch foar de Harkemase_Boys. De 24-jierrige middenfjilder hat fjouwer jier yn de seleksje fan Cambuur sitten.

Dit jier kaam er net mear foar yn de plannen fan de Ljouwerter klub, wêrnei´t Hofman de oerstap makke nei de Harkemase_Boys. ONS Snits wol dit wykein noch twa nije spilers taheakje oan de seleksje fan takom seizoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)