Fryske taal is 'ûnfeilich'

11 mrt 2009 - 16:05

It Frysk hat lykas it Welsk en it Baskysk it etiket fan 'ûnfeilige taal' tawiisd krigen. Dit docht bliken út de UNESCO-Atlas fan bedrige talen. Deputearre Jannewietske de Vries beskôget de Unesco-kwalifikaasje as 'stipe foar it Fryske taalbelied'.

"It rapport ûnderstreket it belang fan maatregels om de Fryske taal te fersterkjen", sa seit De Vries. "Mear foech oer de Fryske taal by de provinsje is echt nedich. It wurdt tiid dat it regear no trochpakt".

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)