Plysje erkent PTS-stoarnis

Plysje sil PTS-slachtoffers yn 'e mjitte komme
It is in goeie saak dat post-traumatyske stoarnissen by de plysje troch de rjochter erkend wurde. Dat seit plysjeman Wouter de Vries dy't nei in pear skokkende gebeurtenissen by syn wurk, in jier lang thússiet.
Ein febrewaris krige in plysjeman skeafergoeding omdat de rjochter each hie foar syn post-traumatyske stoarnis. De plysjelieding sil no ek oare plysjeminsken dy't sokke earnstige stress meimakke hawwe, temjitte komme.