Twake fûn yn Achtkarspelen

11 mrt 2009 - 12:38

It earste twake fan Fryslân is fûn yn Gerkeskleaster. De twa ljipaaien yn ien nêst waarden woansdeitemoarn fûn troch Jappie de Bruin. It twake is woansdeitemiddei om twa oere oanbean oan boargemaster Van_der_Zwan op it gemeentehûs yn Bûtenpost.

Yn Boarnsterhim is it earste ljipaai woansdeitemoarn om healwei tsienen fûn. Gerda_Pol út Wergea fûn it aai yn in stik lân yn Domwier, by Wergea. It aai wurdt woansdeitemiddei oanbean oan wethâlder De Vries.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)