Fabryk FrieslandFoods nei Arla

11 mrt 2009 - 11:42

De festiging fan Friesland_Foods yn Nijkerk wurdt mooglik oernaam troch Arla_Foods. Friesland_Campina hat dêroer in oerienkomst sletten mei Arla. Arla is eigendom fan 8.000 Deenske en 9.000 Sweedske boeren.

It fabryk yn Nijkerk produsearret suvelprodukten as molke, yoghurt en fla en de merkprodukten Milk&Fruit en Breaker fan Friesche Vlag. Ek it merk Melkunie heart by de oername. De Europese Commissie moat noch tastimming jaan foar de oername.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)