Keunst by Aquazoo Ljouwert

11 mrt 2009 - 10:47

Der sil de kommende moannen in grutte keunstútstalling te sjen wêze op it terrein fan AquaZoo Ljouwert. Under de namme Homo Ludens - Latyn foar de boartsjende minsk - sille 15 keunstners harren wurk eksposearje.

De eksposysje is in inisjatyf fan de Kenniskampus Ljouwert. It is it doel dat bern en folwoeksenen op boartlike wize yn 'e kunde komme kinne mei keunst en wittenskip. It projekt kostet mei-inoar 1,2 miljoen euro en sil yn april útein sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)