Nominaasje frijwilligers Snits

© Omrop Fryslân
De Frijwilligerssintrale yn Snits is nomineard foar in maatskiplike staazje Award. It makket dêrmei kâns op de titel 'bêste staazjemakelder fan Nederlân'. Der binne noch fjouwer oare makelders nomineard foar de priis.
De frijwilligerssintrale is al trije jier aktyf yn de Súdwesthoeke. It helpt acht middelbere skoallen om maatskiplike staazjeplakken te finen foar de learlingen. By in maatskiplike staazje sette skoalbern har mei frijwilligerswurk yn foar de mienskip.