Van Brummelen fallyt

Nei 80 jier is it dien mei masinefabryk Van Brummelen
Masinefabryk Van Brummelen yn Ljouwert is tiisdei troch de rjochtbank fallyt ferklearre. De fjirtjin meiwurkers sitte al sûnt ferline wike thús. De bank die it bedriuw doe al op slot om foar te kommen dat weardefol ark ferdwine soe.
It bedriuw hat tachtich jier bestien en makke masines en hydraulyske konstruksjes.