Minder oanridings fan reeën

Op de sneldyk by Harns wurde tenei mooglik folle minder reeën oanriden. Rykswettersteat hat oare reflektorpeallen lâns de dyk delsetten, op advys fan Wildbeheereenheid Tusken Waed en Stêd.
Dizze wyldreflektoaren moatte derfoar soargje dat it tal oanridings mei reeën mei mear as de helte ôfnimt. De reflektoaren bewege mei op de wyn. Automobilisten moatte de reeën dan better sjen as mei de spegels dy't earst by de refklektorpeallen stiene.