Nij asylsikerssintrum Dokkum

11 mrt 2009 - 06:47

Der komt mooglik in nij asylsikerssintrum yn de gemeente Dongeradiel. De gemeente is yn petear mei it COA, de Centraal Opvang Asielzoekers, oer in eventueel nij sintrum. It is al wol wis dat dizze net op it âlde plak yn Dokkum komt. Dat asylsikersstrum slút op 1 augustus.

Earder soe it op 1 maart al ticht, mar no kinne de bern yn it AZC har skoaljier ôfmeitsje. Yn augustus wurde de bewenners oerpleatst nei oare sintra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)