Referindum B'him net yn juny

10 mrt 2009 - 23:17

In mooglik referindum oer de takomst fan de gemeente Boarnsterhim sil net tagelyk hâlden wurde mei de Europeeske ferkiezings op 4 juny. Dat sei waarnimmend boargemaster Ton Baas tiisdeitejûn by de gemeenteried. Sa'n folksrieplachting moat neffens Baas yngreven taret wurde en dat kostet mear tiid.

Baas sil as formateur optrede by de petearen mei kandidaat-wethâlders. Boarnsterhim wol in sakekolleezje, dat de finansjele problemen oanpakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)