Gjin alternative rûte foar As

10 mrt 2009 - 23:14

De Twadde Keamer hellet gjin streek troch de plannen foar de Sintrale As. Grien Links en de SP fregen yn in moasje oft de dyk tusken Dokkum en de Wâldwei net lâns in oare rûte oanlein wurde koe.

De partijen fine dat de Sintrale As it lânskip fan de Fryske Wâlden tefolle oantaastet. De mearderheid fan de Keamer is it dêr net mei iens. Minister Cramer fan romtelike oardening fynt it te let om it plan noch te feroarjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)