Komst gemaal yn gefaar

10 mrt 2009 - 16:53

De komst fan it nije gemaal by Lauwerseach driget yn gefaar te kommen trochdat de provinsjes publyk wegerje mei te beteljen oan it projekt. Dat seit dykgraaf Paul van Erkelens fan Wetterskip Fryslân. Hy 'betreurt' de útlitings fan deputearre Schokker oer dit ûnderwerp.

It nije gemaal kostet 150 miljoen. Sawol de wetterskippen as minister Verburg sille dat betelje. Verburg wol dat ek de provinsjes meibetelje. Dy hawwe lûdop sein dat se dat net wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)