H´fean wol mear kaarten beker

10 mrt 2009 - 13:29

Foarsitter Henk_Kras fan FC Volendam seit dat Hearrenfean absolút net mear kaarten krijt as dat it besikersfak talit foar de heale finale fan de beker. It besikersfak hat romte foar 400 taskôgers, mar Hearrenfean hopet op mear.

Hearrenfean hat woansdei oerlis mei de direksje fan Volendam en wol besykje mear kaarten te krijen. Foarsitter Henk Kras seit dat se dat net tastean sille. De heale bekerfinale is fêststêld op woansdei 22 april.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)