Geert Arend Roorda hast fit

10 mrt 2009 - 11:32

Hearrenfeanspiler Geert Arend Roorda hopet oer twa wike wer op it fjild te stean. De 21-jierrige middenfjilder spile begjin maaie 2008 syn lêste wedstriid. Doe foel hy mei in knibbelblessuere út yn de wedstriid tsjin NAC Breda. Roorda waard dêrnei operearre.

De lêste wiken traint de iennichste Fries yn de earste seleksje al wer folslein mei. Oer sa'n twa wike hopet er mei de beloften mei te spyljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)