Snitser oaljehannel wol groeie

10 mrt 2009 - 11:13

Oaljehannel Veenema yn Snits wol flink groeie yn hiel Noard-Nederlân. Der moatte jierliks fiif oant seis tankstasjons by komme. Op it stuit hat it bedriuw fiif tankstasjons.

De groei moat foaral komme fan oername of hier fan besteande tankstasjons. Neffens it bedriuw rinne by in soad tankstasjons de kontrakten mei oaljemaatskippijen ôf en moat der de kommende tiid in soad jild stutsen wurde yn miljeumaatregels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)