Jonges slaan rút yn

10 mrt 2009 - 11:01

Yn Dokkum binne moandei twa jonges fan 16 en 17 oanhâlden fanwege fernieling en mishanneling. De plysje hie in melding krigen fan in fjochtpartij oan de Parkleane. Se troffen dêr in man fan 25 fan wa't it keamersrút ynslein wie. Hy fertelde dat in groepke jonges dat dien hie. Doe't er nei bûten gie, ûntstie in fjochtpartij, wêrby't er ferwûne rekke oan syn gesicht.

Wylst it slachtoffer de plysje syn ferhaal die, rûn de groep wer foarby en koene de dieders oppakt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)