Besikersrekôr foar Spitkeet

De Spitkeet lûkt soad besikers
Temapark De Spitkeet op ´e Harkema hat ferline jier in rekôrtal besikers hân. Mei-elkoar kamen der hast 8300 minsken. Dat binne der in tûzen mear as yn 2007.
Der komme hieltyd mear groepen fan skoallen, sa stiet yn it jierferslach fan Stichting Friesch-Groningsche Heide. Dat komt omdat de skoallen de pleatslike skiednis hieltyd wichtiger fine. Yn it iepenloftmuseum op ´e Harkema wurdt dy skiednis útbylde.