Famkes dumpe reklamefolders

10 mrt 2009 - 09:57

Twa famkes fan fjirtjin jier út Berltsum hawwe it ôfrûne wykein in grutte partij reklamefolders dumpt yn it Berltsumer Wiid. It Regionaal Milieuteam krige dêr in melding oer. De plysje hat doe yn gearwurking mei twa buro´s dy´t de folders ferspriede, de famkes opspoard.

De famkes bekenden dat se ek op oare plakken folders fuortsmiten hiene, ûnder oare yn de boskjes by it fuotbalfjild. Se moatte it oprêden fan de folders betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)