Earste ljipaai fûn

10 mrt 2009 - 08:30
  • Wytze en Meinte Meinsma mei it offisjele earste aai
  • Boargemaster Haveman lotteret it aai

De 47-jierrige Wytze_Meinsma fan Tsjom hat moandeitejûn it earste offisjele ljipaai fan Fryslân fûn. Tegearre mei syn soan Meinte (21) fûn er it aai yn in stik greide tusken Tsjom en Lollum. De fynst waard om 18.17 oere neffens de regels mei in sms-ke oanmelden.

Boargemaster Haveman fan Frjentsjerteradiel hat it ljipaai letter lottere en goedkard. Meinsma sil it ljipaai tiisdeitemiddei oanbiede oan de kommissaris fan de Keninginne John_Jorritsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)