LTO sjocht nei it klimaat

10 mrt 2009 - 07:22
  • Kinne kij wol oer de waarmte?

Boere-organisaasje LTO-Noord is dwaande mei in ûndersyk nei hoe't boeren yn Fryslân omgean moatte mei de feroarings yn it klimaat. Wie in hjitteweach tritich jier lyn noch in útsûndering, hjoeddedei komt dat folle faker foar. Tagelyk binne der swierdere buien.

LTO-Noord sjocht ûnder oare nei de fraach oft boeren noch gewoan ierdappels ferbouwe kinne of dat se omskeakelje moatte nei bygelyks sinneblommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)