Tunnel foar Nyegea en De Tike

© Omrop Fryslân
Der moat in ekstra tunnel komme yn de sintrale as tusken Dokkum en de Wâldwei. Dat wolle de doarpsbelangen fan Nyegea en De Tike.
It trajekt fan de nije dyk giet tusken de twa doarpen troch. Dy wurde fanelkoar skieden en dat hat negative gefolgen, want der is sprake fan in histoaryske bân tusken De Tike en Nyegea. De doarpen binne opelkoar oanwiisd as it giet om de skoalle, de tsjerke, agraryske aktiviteiten en sport.