Snits wint fiifsetter

De volleybalfroulju fan Snits hawwe tiisdeitejûn thús mei 3-2 wûn fan HAN Volleybal út Papendal. De setstannen wiene 25-14, 25-27, 25-18, 20-25 en 15-6.
Snits is dwaande mei in ferrassend goed seizoen yn de B-League. Foarôf wie hope op in plak by de earste seis, mar se steane no twadde. Mei noch fiif wedstriden te gean hat VC Snits noch altyd sicht op de titel, want de efterstân op koprinner Summa_Peelpush út Meijel is mar trije punten.