Moardsaak Ooms by Gerjochtshof

De saak fan de moard op Marinus Ooms út Haulerwyk sil tongersdei behannele wurde foar it Gerjochtshôf yn Ljouwert. It giet om in saneamde pro-forma-sitting. Op fersyk fan de 23-jierrige haadfertochte wurde yn it heger berop noch tsjûgen heard.
De 51-jierrige Marinus Ooms waard yn oktober 2006 fermoarde fûn yn de sliepkeamer fan syn wente yn Haulerwyk. De haadfertochte krige earder in finzenisstraf fan 18 jier oplein. Ek twa oaren sitte fêst.