´Stimburo op stasjon Ljouwert´

09 mrt 2009 - 20:31

Minsken moatte by de Europeeske ferkiezings op 4 juny ek stimme kinne op it stasjon fan Ljouwert. Dy oprop docht de gemeenteriedsfraksje fan PAL/Grien Links oan it kolleezje fan B. en W.

Op it stasjon soe in mobile stimpost ynrjochte wurde kinne, omdat in soad reizgers dêr delkomme. Op sa´n manier soe it opkomstpersintaazje oprinne kinne. Gewoanwei komme der nea safolle stimmers op de Europeeske ferkiezings ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)