Pranjic en Svec tsjin Sparta?

Pranjic hat noch lêst fan 'e ljisk
It is noch ûnwis oft Danijel Pranjic en Michal Svec sneon meidwaan kinne yn de kompetysjewedstriid fan Sportklup Hearrenfean tsjin Sparta Rotterdam. Dat seit fysioterapeut Erik ten Voorde op de webside fan de klup.
Beide spilers foelen ôfrûne sneon út mei in blessuere yn de thúswedstriid tsjin Grins. Pranjic ferrekte syn linkerljisk en Svec hat in blessuere oan syn knibbel. Fierder hat Mika Väyrynen in weromslach krigen. Hy hat ek lêst fan syn knibbel.