De Pein wol akwadukt Wâldwei

© Omrop Fryslân
Doarpsbelang De_Pein wol dat der in twadde akwadukt yn de Wâldwei tusken Drachten en Ljouwert komt. It bestjoer sil moandeitejûn in útwurke idee foar it akwadukt presentearje oan de doarpsbewenners.
Troch in akwadukt yn it Peinder Kanaal te bouwen kinne der gruttere boaten troch it doarp hinne farre. It idee is om neist it akwadukt saneamde faunapassaazjes oan te lizzen. Mei it akwadukt kin ek de lûdsoerlêst fan de drokke 4- baansdyk werombrocht wurde.