Skier hat wer stroom

09 mrt 2009 - 14:55

Skiermûntseach hat sûnt moandeitemiddei wer stroom. Oan it begjin fan de nacht foel de elektrisiteit út troch koartsluting yn in regelstasjon by Eanjum. Ek it gebiet om Eanjum hinne kaam sûnder stroom te sitten. Dêr wienen de problemen nei in pear oeren wer oplost troch stroom fia in oar regelstasjon te leverjen.

Op Skiermûntseach duorre it langer omdat dêr gjin oar regelstasjon brûkt wurde kin. Dêr moast wachte wurde oant it stasjon by Eanjum wer makke wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)